JOURE/LEMMER - Dit jier set gemeente De Fryske Marren wer in Frysktalich kultureel inisjatyf of persoan yn ús gemeente yn it sintsje. Dit dogge wy troch de Fryske Taal- en Kultuerpriis. Eltsenien kin der nominaasjes foar yntsjinje. De priis wurdt útrikt op ‘de dei fan de memmetaal’, op freed 21 febrewaris 2025. De priis bestiet út in bedrach fan €750. De lêste kear wûn tonielferiening Fryske Krite De Jouwer.

Yn De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt. De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De Taal- en Kultuerpriis is dêr in middel ta. Oan de hân fan alle nominaasjes kiest de sjuery in winner. De sjuery bestiet ûnder oare út Meindert Tjerkstra en wethâlder Chris van Hes.

Nominearje

Kinne jo in persoan, organisaasje of groep dy ’t him it ôfrûne jier ynset hat foar de Fryske taal of kultuer yn De Fryske Marren? En fine jo dat dy de Fryske Taal- en Kultuerpriis 2024 fertsjinnet? Of wolle jo sels de Fryske Taal- en Kultuerpriis yn ‘e wacht slepe?

Nominaasje trochjaan

Fansels is it fan belang dat jo derby sette werom’t dizze persoan, feriening of groep de priis fertsjinnet.