FRYSKE MARREN - Ek dit jier set de gemeente in Frysktalich kultureel inisjatyf of persoan yn ús gemeente yn it sintsje, mei de Fryske Kultuerpriis. Eltsenien kin der nominaasjes foar yntsjinje. Nij is dat wy de priis fertoan útrikke op 'de dei fan de memmetaal', op 21 febrewaris 2023. De priis bestiet út in bedrach fan €750,-. De lêste kear wûn Stoffel Zandstra fan De Lemmer.

Wêrom jouwe wy de priis?

Yn De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt. De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Kultuerpriis is dêr in middel ta. Oan de hân fan alle nominaasjes kiest de sjuery in winner. De sjuery bestiet dit jier út Douwkje Douwema, Meindert Tjerkstra en wethâlder Chris van Hes.

Oanmelde úterlik 27 jannewaris 2022

Kinne jo in persoan, organisaasje of groep dy 't him it ôfrûne jier ynset hat foar de Fryske taal yn De Fryske Marren? En fine jo dat dy de Fryske Kultuerpriis 2022 fertsjinnet? Of wolle jo sels de Fryske Kultuerpriis yn 'e wacht slepe? Mail dat dan úterlik freed 27 jannewaris 2023 nei communicatie@defryskemarren.nl, t.a.f. Yde Wierda. Fansels is it fan belang dat jo derby sette werom't dizze persoan, feriening of groep de priis ferstjinnet. Omdat de priis oer 2021 net útrikt is, meie ynisjativen út dat jier ek meidwaan.