JOURE - Tytsy Willemsma, ynformateur fan De Fryske Marren, hat juster alle fraksjes ynformearre oer de folgjende stap om ta in nije koälysje te kommen. Sy advisearret FNP, PvdA, VVD en GrienLinks om mei inoar yn petear te gean. Tytsy Willemsma: "Mei dizze fjouwer partijen leit der in goed fûnemint om in koälysje te foarmjen, dy't op in breed draachflak yn de ried rekkenje kin. It is no oan de partijen om mei inoar yn petear te gean."

Draachflak
Ut de ferkiezings kaam de FNP nei foaren as grutste partij mei 7 sitten en ha sy it inisjatyf naam om in ynformateur oan te wizen. De ynformateur is op 24 maart oan de slach gien by De Fryske Marren. De ôfrûne wiken ha petearen mei alle fraksjes fan de gemeenteried plakhân. Op basis fan dizze petearen komt nei foaren dat in koälysje fan FNP, PvdA, VVD en GrienLinks in goede basis foarmet. Tytsy Willemsma: "De opdracht wie; lit alles iepen! Sjoch net allinne nei it tal riedssitten of wa't wûn of ferlern hat, mar hifkje hokker koälysje fan hokker gearstalling dan ek, op breed draachflak yn de ried rekkenje kin, ûnderling it goede gefoel by inoar hat en dy't mei inoar in 'stoarmke' trochstean kin."

De beëage koälysje hat 16 sitten yn de ried. It einrapport wurdt op 19 april yn de ried yn in ekstra riedsgearkomste taljochte.